NU OP DE RADIO : GOEDE DOEL - BELGIE

ZONET:

COMMODORES

LADY (YOU BRING ME UP)

NU:

GOEDE DOEL

BELGIE

STRAKS:

TWARRES

I NEED TO KNOW

Jaap Louwes

Nei CD Album ”Set úm op” fan Jaap Louwes is klear

Sûnt begjin 1980 is Jaap Louwes fan Haulerwyk aktyf as sjonger / lietskriuwer en trûbadoer. Syn selsmakke repertoire fynt stadichoan in plakje op it Fryske poadium troch optredens yn kroegen, feesttinten,strjitfestivals ensfh.

Ek komme de earste ferskes fia opnames by Omrop Fryslân by in breder publyk: “Famke”, “Ik doch’t moarn wol“ en “Dwas yn ‘e hasses” binne titels út dy tiid. Fan 1988-1992 is Jaap sjonger by Bricquebec. Under it motto “Bier yn’t hier” binne d’r in soad optredens rûnom yn Fryslân. Yn dy perioade ferskine twa albums: “IK DOCH ’T MOARN WOL” (1988) en “LIT ÚS MAR RINNE” (1992).

Dèrnei giet hy fierder as trûbadoer en treedt hy op mei syn akoustyske Rock & roll. Yn 1992 ferskynt de CD “SKOBBERDEBONK” mei u.o. “de Wâldwei”, “Oeral gelyk” en “Ezel nr. ien” en yn 2001 “FRATSEN” mei titels as “Hollander yn Fryslân”, “Tusken de earen” en “in Drinkliet”.

Fierder hat Jaap meiwurke oan in produksje fan TRYATER (de Lytse Seemearmin,1992) en it téaterstik “Op syk nei Eeltsje” fan it selskip Bennie Huisman yn de perioade dèrnei.

Mei de “FJOUWER TRÛBADOERS” (PiterWilkens, Doede Veeman, Gurbe Douwstra en Jaap) binne d’r fan 2002-2014 in soad optredens en ferskine twa c.d.’s : “D’R TUSKENÚT”(2004)
En “DE ÂLDE PÚNDYK BY DÈL”(2008). Yn 2008 docht hy mei oan it projekt “COHEN IN HET FRIES” mei dèrop syn útfiering fan “De Ljochtblaue Reinjas”.

Mei de “fèste gelegenheidsploech” DE LOSSEBINDE binne d’r sûnt ûngefear 2010 in oantal optredens u.o. twa kear op it festival Aaipop. Mei De Lossebinde dy’t bestiet út gitarist Nathaniel van Veenen, bassist Bonne v.d. Wal en slachwurker Jelle Gietema ferskynt in de simmer fan 2019 de CD “SET ‘M OP”.

Op dit album stean titels as “Memmen by it stek”en “Spikerjack”. Fierder duet mei sjongeres Griet Wiersma (“Tegearre”) en in nûmer mei de “Fjouwer Trûbadoers” (“Dan die ik it mei dy”). Yn totaal stean op “SET ‘M OP” 15 -meastens nije- nûmers mei as soart fan bonus aktuele útfieringen fan “de Lift”en “Famke”.

Foar distribuusje sjochtst op www.jaaplouwes.nl

Sport

0-0-gelijkspel tegen Noord-Ierland." target="_blank">Trotse Koeman denkt dat Oranje heel mooi EK tegemoet gaat

Entertainment

Los Angeles Times vrijdag." target="_blank">Disney+ biedt na klachten The Simpsons aan in oude 4:3 beeldformaat

Deadline vrijdag." target="_blank">Comic-reeks Sin City wordt tv-serie na overeenstemming met auteur