NU OP DE RADIO : GERARD - HJIR KOMT SE OAN

ZONET:

GRYTZ

TIIDLEAS SWEEVJEND

NU:

GERARD

HJIR KOMT SE OAN

STRAKS:

THE TREMELOES

HERE COMES MY BABY

Marius de Boer

Marius de Boer 21 novimber by Frysk FM

Marius de Boer is syn muzikale karriêre begûn as sjonger en gitarist yn de band ‘Elected’, ien fan de earste Fryske new wave bands. Nei ferrin fan tiid die bliken dat allinich muzyk meitsje net mear foldwaande wie en makke Marius de kar ek gedichten te skriuwen. Hjir waard de basis lein foar it skriuwen fan prachtige songteksten. As sanger fan de legendaryske Fryske band ‘Reboelje’ skreau en komponeerde hy gewoan troch. Op dizze wize ûnstie syn leafde foar konseptalbums. Mei tekst en muzyk ekspirimentearje en de djipte yngean, dat is wat Marius graach wol.

 

Yn 2003 beslút Marius him werom te lûken út de aktive muzykwrâld, mar sa as it it echte muzykman foeget rjocht hy yn 2010 nei in koarte solokarriêre wer in band op. Mei de band ‘Mariusz en de Muzikanten’ makket hy it album ‘De Nacht Wachtet’, in album dy’t prachtige resinsjes krigen hat.

 

Nei in muzikaal rêstige periode hat Marius it ôfrûne jier de muzyk wer oppakt. Ôfrûne oktober siet hy wer op’e planken as soloartyst efter de piano. Syn repertoire bestiet út âldere en nijere nûmers wêrfan hy de ôfrûne 40 jier sels de muzyk as tekst skreaun hat.
 
Waansdei 21 novimber komt Marius de Boer nei de FryskFM studio tusken 10-11 oere.