NU OP DE RADIO : MIDDLE OF THE ROAD - CHIRPY CHIRPY CHEEP CHEEP

ZONET:

BZN

JUST AN ILLUSION

NU:

MIDDLE OF THE ROAD

CHIRPY CHIRPY CHEEP CHEEP

STRAKS:

SYBE & MARJAN

SKYLGE

Jaap Louwes

Jaap Louwes komt 24 april by Frysk FM

Jaap Louwes is bekend as ien fan de bekendste Fryske Trûbadoers. Sunt 1984 is hy dwaande mei syn ’akoestyske rock & roll’ yn Fryslan.

Fan 1986-1992 wie hy lid fan Bricquebec. Mei dizze band makke hy “Ik doch’t moarn wol!” (1988, LP) en “Lit us mar rinne” (1992, CD). Begjin 90-er jierren wurke Louwes mei oan in jeugd-produksje fan Tryater “De Lystse Seemearmin” en it teaterprogramma fan Bennie Huisman en Frederike Kleefstra. Hjirby goed troch de mostert helle gie hy troch mei syn belangrykste activiteit: it meitsjen fan ferskes en optrede.

Yn 1995 ferskynt de CD “Skobberdebonk” mei u.o. “De Waldwei” en seis jier letter (2001) de CD “Fratsen”. Yn 2003 hat hy my Piter Wilkens, Gurbe Douwstra en Doede Veeman in oantal ”trubadoersjunnen” makke. Opnames fan dizze optredens stean op de CD ”Der tuskenút” (Juny 2004).Yn oktober 2007 wiene se wer op paad; opnames fan dizze optredens stean op de CD ‘De âlde púndyk by del’. Yn 2008 die Jaap mei oan “de Partisanen”- Cohen yn it Frysk projekt.

Jaap hopet noch foar de simmer in nije CD út te bringen mei as titel “Set im op!”. Mei muzikale ûndersteuning fan “de Lossebinde” en de nûmers “De Memmen by it stek” en “Spikerjack” en ek in nûmer mei de Fjouwer Trûbadoers, in duet mei Griet Wiersma en natuerlik in tal nije nûmers! En hoe fierder? Dat kinst hjerre op waansdei 24 april want dan komt Jaap Louwes op besite by Frysk FM, tusken 10.00 en 11.00 ûre.