NU OP DE RADIO : LOVIN SPOONFUL - SUMMER IN THE CITY

ZONET:

FERBEAN

FRYSKE DIKEN

NU:

LOVIN SPOONFUL

SUMMER IN THE CITY

STRAKS:

PETE TOWNSHEND

FACE THE FACE

Gerrett

Gerrett komt mei ’Rock it klokje rûn’.

Gerrit Jansen (54), wennet en wurket op`t Hearrenfean. Hikke en tein yn Aldskoat. Jongste bern/soan fan Jan en Siep Jansen.

Hij tinkt, praat, skriuw en sjongt leafst yn`e Fryske taal. As trûbadoer is hij faak op reis as `Gerrett` ; dan docht hij lieten fan Frysk oant Ingelsk.

Fynst Gerrett in frjemde namme? Dat makket him neat út; hij is kreatyf, plus sa hâldt hij al syn muzykprojekten út inoar.

It nije rocknûmer fan Gerrett `Rock it klokje rûn` hat hy opnaam by Kyr van der Werf. Sy hawwe in bysûndere bân. Komme beide fan`t Aldskoat; Friezen fan`t alderbêste soart. En….hy hie earder ek alris wurk by him opnaam.

In pear dingen út it ferline. Gerrett vertelt:

Nix-Nijs (2003-2017). Prachtige tiid belibbe as muzykduo en myn spylmaat Willem Jongsma. De kombinaasje fan toanielspylje en muzykmeitsjen wie super. Meidwaan oan strjitfestivals wie echt ús ding. Willem is net mear ûnder ús; hy is yn aug. 2017 ferstoarn. Ik mis him noch alle dagen (want Willem wie ek noch myn kollega). Op syn kremaasje ha ik it eigen nûmer `do en ik` live spile. Dit nûmer stiet op Youtube. En ik ha dit live dien by Noardewyn Live op Willem`s dei (27 april 2018), as oade oan (myn) Willem.

Wy hawwe noait echt nûmers yn`e studio opnaam; dêr hiene wy gewoan gjin tiid foar. Wy wiene altyd `on tour`.

Karbyd (2011-2012): muzykduo mei myn sweager Herman de Jong.

Flewiel (2011-2012): muzykduo mei myn (âldste) broer Jan Jansen en sweager Herman de Jong

FRG-DS (2017): tegearre mei Frans van Terwisga, Rinke Brandenburg, Djimmer Vos en Sjoerd Halma siet ik yn`e reunyband fan`t Aldskoat.

Lady and Gentlemen (2014-2018): yn dizze coverband wie ik gitarist/sjonger.

Teare Snaar (fanôf 2015): muzykduo mei Sipke Vos.

Entertainment

Instagram-account is een kort muziekfragment te horen en de datum 23 oktober 2019 te zien." target="_blank">Duncan Laurence kondigt opvolger van Arcade aan

The Hollywood Reporter." target="_blank">Jane Fonda en Sam Waterston gearresteerd tijdens klimaatprotest