NU OP DE RADIO : DE SUSKES - MARIANNE

ZONET:

SHANIA TWAIN

THAT DON'T IMPRESS ME MUCH

NU:

DE SUSKES

MARIANNE

STRAKS:

ANNEKE DOUMA

HOE SOE IK NET FAN FRYSLAN SJONGE

Eddy-Dykstra

Eddy Dykstra 7 november by Frysk FM

Eddy Dykstra is in Fryske Kanadees dy’t yn it Ingelsk en yn it Frysk sjongt. Berne op’e Jouwer as Ids Dijkstra, op 31 desimber 1948 yn’e Midstrjitte. Soan fan Sjoerd Dijkstra en Elizabeth Idsinga. Yn maart 1949 mei de “Marine Shark” emigrearre nei Kanada. Ids wurdt Eddy. Yn oktober 1958 werom nei Fryslân mei mem, Thelma, Lowell en Harvey. Neidat Eddy syn heit yn it jier derfoar ferûngelokke wie, wie it better dat de famylje werom gie nei Hollân, sa as dat doetiids hjitte.

 

Eddy song in protte en spile al op syn earste bakkeliten blokfluit. Krige blokfluitles yn Ousterhaule, as ienige jonge tusken fjouwer famkes. Yn 1963 wurdt der tamboer by it korps CSC op’e Jouwer. Letter ek paukenist en in lyts skofke tamboer-maitre. Yn 1964 begjinne de earste oefeningen op de gitaar, dy’t Eddy liene mocht fan in famke út Langwar. Dan wurdt it trio The Cads oprjochte mei Cees Slump, Lowell Dykstra en Eddy Dykstra). Yn Sint Jânsgea winne se in 3e priis op in talintejacht. It earste optreden mei de skoalband as sjonger mei in hit fan doe: “Lucky Lips”. Yn 1965 it oprjochtsjen fan de skoalband: The Movers.

 

Yn 1966 folget it oprjochtsjen fan de beatgroep Spot’66 mei Eddy Dykstra, Cees Slump (letter ferfongen troch Lolke Eijzinga), Henk Ploegstra en Lowelll Dykstra mei in “bekend “eigen liet: “Operation 45”

 

Sjongt as tenoar yn Bach’s Mattheüs Passion. De útfiering fynt plak yn in tsjerke oan De Fok op It Hearrenfean. As Eddy 21 jier is, kriget er syn earste pianolessen. Om stúdzjeredenen stap Eddy út de beatgroep Spot’66. Yn 1973 wurdt Eddy tsjerke-oargelist yn Terkaple. Hy siet faak in hiele sneontemiddei te oefenjen op 8 ferskes. Dit hat him tige holpen om letter makliker de harmony-lear yn’e macht te krijen. As solist- sjonger by it R.K-jongerenkoar “The Martin Singers” yn Snits. 1975: Eddy wurdt dirigent fan it mingd koar “Us lyts doarpke” yn Goïngaryp. Under syn lieding as dirigent hat it koar letter in 1e priis helle op in sjong-konkoers fan de AVRO. Yn 1978 ferhuzet er en wurdt as gitarist aktyf yn “It Stjittekabaret” yn Oerterp. Eddy wurdt dêrnei dirigent fan it mingd koar “Halleluja” yn Ousterhaule. Foar in lyts skofke wurdt Eddy dirigent fan de gospelgroep ” Jaldei Tsion” op De Gerdyk. Krijt alt-saksofoanles en wurdt lid fan De Fanfare yn Oerterp. Oprjochtsjen fan de Kantory yn Oerterp, dêr’t Eddy dirigent fan wurdt, bart yn 1983. Yn 1989 is de earste professionele opname mei eigen Ingelsktalige lieten op piano by Telesound Recording yn Ljouwert, û.l.f. Ton Klein.

 

Mei it ynstjoeren fan it eigen piano-nûmer : “Myn nûmer ien”, komt Eddy yn de finale fan Liet ’92. Hy docht mei ûnder de namme ED dee. It sjuery-rapport is tige geunstich en fynt it nûmer in echt Songfestival liet. Hjirmei hat Eddy syn earste stappen setten op it mêd fan de Frysk-talige muzyk. Dykstra begeliedt himsels op gitaar en piano. Hy sjongt krêftige songs ûnder oaren oer syn emigraasjeproses. Op syn lêste cd liet er him ûnder oare begeliede troch Jan Ottevanger (bas) en Koos van de Velde (drums).

(Red. Derneist sjogge wy Eddy ek as leadzanger fan de Phantoms)

 

Waansdei 7 novimber komt Eddy nei de Frysk FM Studio!