NU OP DE RADIO : PAULA ABDUL - STRAIGHT UP

ZONET:

BABYS

ISN'T IT TIME

NU:

PAULA ABDUL

STRAIGHT UP

STRAKS:

SYTSE HAIMA

SKIPPEN ACHTER MY

Sybe Krol

Debuutsingle foar Sybe Krol en Marjan Giesing

Sybe Krol en Marjan Giesing binne yn de Fryske muziekwrâld gjin ûnbekenden en kinne beide weromsjen op in moaie carrière yn de muzyk.

Marjan hat songen bij de Wiko’s en (hiel bysûnder), se spile ek basgitaar yn dit yn Fryslân tige ferneamde dûns orkest. De Wiko’s makken tal fan Nederlânstalige en Fryske platen en wiene fêste gast op de landelijke TV yn programma’s. Letter song Marjan by de band Avenue. Dizze band wûn de ”Veronica Sterrentalentenjacht”. Dit leverde in reiske en optredens op yn Singapore. Mei dizze band hat Marjan spile troch it hiele lân.

 

Sûnt ienige jierren is Marjan solo dwaande en hat se al mannig single útbrocht. (”Kom dûnsje mei my, De sinne skynt ek foar dy en It Briefke”)

 

Sybe kinne wy as drummer. Hy spile yn Butterfly, Flashback en mei Marjan yn de Wiko’s. Dêrneist naam Sybe as sanger ek al ferskate nûmers op. De lieten ”Aren út skelpen en Tusken Fliet en Swarte Haan” binne yn Fryslân oeral bekend.

 

In pear moanne ferlyn ha Sybe en Marjan besletten om tegearre fierder te gean. In kompleet CD album is opnommen en dizze wike ferskynt de earste single: ”Eilân fan myn dreamen”.

 

It is in ferske fan de Springfields (Island of dreams) dat yn it Frysk oersetten is troch Kobus Algra, de helaas fiersten te betiid ferstoane akkordeonist fan de Wiko’s.

 

Anne Doedens spilet steelgitaar, Arie Kuipers de akoustyske gitaar en Dylan van der Feen alle oare ynstrumenten. Hy hat it ek opnommen en mixt. Dit alles fûn plak yn The Office Studio yn Wytmarsum. Begjin 2019 komt it folsleine album út.